Community

No jûh, de Moanne hat it ynternet ûntdutsen. Moai op ‘e tiid, no.

De Moanne is in produkt. Se wolle de community fierder groeie litte. Aldergeloks wit ik net wat soks betsjut.

En se wolle dêr ek mear Frysk skriuwe. Neffens my krije se dêr ek subsydzje foar. Net foar dy Hollânske stikken.

En mei har fernijde side wolle se… ek wat.

Minsken, wat in managertaal yn dat stik. En ik mar miene dat it in kultuereel tydskfrift is.

Comments 1