In slokje Koperen EEE

Heden, gjin wetter yn Ljouwert op dit stuit. Dan mar in wyntsje by it iten!

Fannemiddei efkes yn de byb oan it skriuwen west. Op myn âlde EEE. Dy sjogge jo net in soad. Der moat noch in soad barre hjirre, wat de Fryske Literatuer oanbelanget.

En ja, ik bin ek by de betinking fan Tsjêbbe yn de Grutte Tsjerke. Dêrnei tink in slokje yn de Koperen Tún.

Lês in soad Esenin de lêste tiid. Ek syn bio is in fassinearjend en betiden ûnbegryplik ferhaal… Ek dwaande mei in oersetting fan de bêste man.

No makaroany opwaarmje. Sels makke.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *