Abe de Vries: skealik foar it oansjen fan de Fryske dichtkeunst

Om redenen dêr’t ik no net op yngean kin, haw ik in hiel skoft net in soad oer Abe de Vries skreaun. Dizze redenen binne no fuortnommen, benammen troch De Vries sels. Ik sil dêr fierder oer swije.

Jim hawwe de diskusje tink folge dêr’t ik juster oer skreau? Minsken, minsken! Abe kriget in frijwat kritysk besprek fan Piter Boersma en… ûntploft! Hy neamt Boersma ûnder oaren net ynteger. Dat: at jo net sa’n leafhawwer fan Abe syn poëzij binne, en jo jouwe dêr goede arguminten by, dan doge jo net. Dat binne jo net ynteger.

Ik bin sels fan miening dat De Vries syn dichtkeunst oan it efterút fjouwerjen is… Wat moat ien no bygelyks oan mei in gedicht dat mei O wee begjint? Kinne jo dat bygelyks in gefoelich skoalbern oandwaan? Dy wol dêrnei nea wer in gedicht lêze!

Opswolme pathetyk is it, sa ûnecht as it mar kin.

Myn opiny is: Abe de Vries syn poëzij is skealik foar it oansjen fan de Fryske dichtkeunst.

Jûn mei myn Muze bamy mei pindasaus opsminkelje. Lekkel!

Comments 1