Dichter biedt oan: positive resinsje fan syn eigen boek

Eigenaardich hear… Soks hie’k noch nea meimakke. In skriuwer dy’t oan it leuren is mei in (fansels positive) resinsje oer syn bondel. Abe de Vries docht it! Op Facebook skriuwt er:

‘Literêr Tydskrift Ensafh wol it stik – fansels – net pleatse op syn site, mar likegoed is it tige de muoite wurdich.’

  • Abe de Vries Jawis. Ik ha noch wat om dy de bûsen oer út te skuorren: Literêr Tydskrift Ensafh wol it stik net pleatse “om’t it yn it Nederlânsk skreaun is”.
  • Ids Talen Och Abe, dat is no wat in sneu en styve opstelling. Hie dat net oars kind? Mei in lytse fertaling ofsa?
  • Abe de Vries Sneu? Foar ensafh wol ja. Ik ha it alris earder sein: salang de Hjir-fossilen dêr de tsjinst utmeitsje, hearsket der in ferbod op neitinken.
    3 minuten lyn · Leuk · 1
  • Ids Talen Uwes krijgt dan maar .. fan my in fear!
    Wa is trouwens dy Ids Talen? Grutter slymbal bin ik net faak tsjinkommen… Mar goed. It is gewoan belied fan ensafh dat der gjin Nederlânsktalige stikken publisearre wurde. Foar Hollânske stikken kinne jo wol by de Moanne telâne.
    Ik freegje my oars ôf oft Willem Thies wol weet hat hoe’t der mei syn besprek omsprongen wurdt. En wêrom hat er de resinsje net sels oanbean?
    No sil it stik dus op de Contrabas pleatst wurde. Hee, dat is tafallich… Want wa hat dy bondel útjûn? Trije kear riede
    Jûn waarm iten út de friezer. Ik bedoel, dat moat noch waarm wurde. Dan. Dus.
0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
josse de haan
josse de haan
8 years ago

Willem Abma hat yn de trotwaertiid eigen bondels resinsearre – hy koe dat better as wyldfrjemden, dy’t fan syn poëzy gjin grevel snapten. Hy begreep syn eigen poëzy it bêste, sei er.
Willem Thies (Thys Willems?) is gjin pseudonym fan Abe de Vries, en dus leit it hjir justjes oars.