Abe de Vries ferbrekt emailgeheim

Abe de Vries is lilk op Knilles. En ferbrekt de etikette dat jo in oar syn email net iepenbier meitsje meie. No sa. En dat soe ien fan myn útjouwers wurde moatte. Ik bin bliid dat ik dêr yn elts gefal fan ôf bin. It begruttet my oars al om Chrétien Breukers, dy it goede mei de Fryske poëzij foar hat, mar sa’n … falt net mei te wurkjen.

En de man wol dus sels bepale hokker artikelen yn/op ensafh opnommen wurde… Bytsje nuver, is’t net?

It is dúdlik: it doocht net hielendal yn Abe syn boppekeamer. It is in jammerdearlik gefal.

Ik haw begrepen dat Abe meikoarten foar it gerjocht komt. Ut piëteit sil ik mar net sizze wêr’t it krekt om giet. Mar faaks kin dan better earst in psychologysk ûndersyk regele wurde…

Ik sil ris ynformearje wat de kânsen binne om Abe sels ek foar it gerjocht te dagen, wat it ferbrekken fan it emailgeheim oanbelanget.

Wy hâlde jo op ‘e hichte!

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
8 years ago

Wa sûnder sûnden is, dy werpe de earste stien, no.