Sneker Hölderlin

Dat wie wer in moaie middei, by de Sneker Middag juster. Al wat apart om dêr werom te kommen, it wie krekt of hie’k der nea fuortwest. Mar wat der ek bart: ik bin diplomearre Sneekoloog, dat pakke se my net mear ôf. Mei ik oannimme, alteast.

Ek efkes by myn âlde wente delrûn, der siet noch neat nijs yn sa te sjen. Ik hie ek noch neat fan de wenningstichting heard en makke my bot soargen dat ik faaks de flierbedekking der úthelje moast. Lykwols, aldergeloks fannemoarn in telefoantsje, it wurdt oernommen.

No, dan binne jo wer op ‘e hichte. Ja, ik haw ek skreaun en lêzen, mar tsjintwurdich moatte jo it licht en luchtich hâlde, oars heakket de lêzer ôf. Dat ik sil jo net lestich falle mei Hölderlin en sa, fierstente dreech, is’t net?

Foto Dinie Postma

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
8 years ago

Jo moatte oan de lêsbril, no.