Exit Boun

No minsken! It is my wat. Ik sit nèt yn it bestjoer fan it Boun. Sterker noch, ik haw it lidmaatskip opsein. En dat alles te tankjen oan frou Schotanus en de hear Tiemersma. As bestjoerslid hie ik mei dizze frou Schotanus gearwurkje moatten, om’t se û.o. de webside beheart.

Tidens de gearkomste hie frou Schotanus it der oer dat ik û.o. oan it koarjen en it slaan west haw tidens troch har organisearre eveneminten, en se hie ek grutte twifels oan myn betrouberens.

No ja. spuie en slaan… wy binne dochs gjin suertsjes wol? En wa soe no net spuie fan sa’n…

Foarsitter Tiemersma fûn sok praat tige nijsgjirrich en liet frou Schotanus har gong gean. Tiemersma fûn it ek mar neat dat ik de oare kandidaten ‘skoathûntsjes’ neamd haw. De foarsitter as foarstanner fan sensuer… Wêr hawwe wy dat earder sjoen… It hie alles fan in foaropset plan, om my te wippen. Dat is slagge.

 

Mei sokken kin ik dus net gearwurkje…

Ik bin der útrûn. Mei dat Boun wol ik nea wer wat te krijen hawwe. En frou Schotanus…

Jûn gado-gado mei rys en pindapoep

 

Comments 2