Stjonkend stik smoargens

Ja, yn de gemeente Ljouwert is it bestjoer ridlik fatsoenlik as it om de behanneling fan útkearingsgerjochtigden giet.

Oars wie en is it yn myn foarige gemeente Súdwestfryslân of hoe’t jo dat mar skriuwe. En ek yn Frentsjer en omkriten wurdt de bystânsoanfreger as in stjonkend stik smoargens sjoen en behannele.

Lês it allegear nei by de Lange Mars en stjoer de ferantwurdlike wethâlders ris in meeltsje.

As ik in bestjoerder tref dy’t foar dit beskamsume belied ferantwurdlik is, byg. boargemaste H. Apotheker dan kriget dy persoan gjin hân as begroeting fan my.

Se moatte har deaskamje.

Ik waarmje wat iten op aansens

Comments 1