Cornelis van der Wal

Dwers protest

Heden, moai dat Pieter de Groot my yn syn  Dwers fan hjoed efkes neamt as ien fan de earsten dy’t yn ferset kommen is tsjin de ‘nije stavering’. Dat die ik op dit plak. Daam de Vries seach it swurk ek al rillegau driuwen. Oaren wiene hjir wat stadiger mei, mar hawwe no al in grutte bek om’t se miene dat se foaroprinne mei it protest tsjin dizze kranksinnige plannen.

Mar hawar, yn dit stik fan saken hearre de skriuwers solidêr te wêzen.

It Skriuwersboun wol, neist har leden, allinnich de opstellers fan it protestbrief talitte by har ‘Staveringsdiskusje‘. Utsein André Looijenga binne dit lju dy’t ridlik let reagearre hawwe op de plannen fan de Akadeemje en Provinsje. Hoesa in iepen petear? Skytsekken binne it, by it Boun.

En, hoe is’t mooglik, mar ik bin it hielendal iens mei Eeltsje Hettinga wannear’t er swiere krityk leveret op it beslút fan Akadeemje direkteur om in protestferbod yn te stellen. Wannear’t jo dêr wurkje meie jo gjin eigen miening hawwe!

Waarmje bamysop op.


Posted

yn

troch

Reakce

Ien reaksje op “Dwers protest”

  1. edwin Avatar
    edwin

    De FA-meiwurkers kinne altiten op persoanlike titel ûndertekenje. Ik soe it mar dwaan.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.