Cornelis van der Wal

Opera Spanga… tsja…

Hmmm… Ik siet al wat mei de eagen te knipperjen doe’t ik dizze folder fan Opera Spanga lies: ‘De Friese Holtenius ziet de aanwezigheid van buitenlanders als oorzaak voor de ondergang van zijn boerenbedrijf. Hij wil niets te maken hebben met de liefde van zijn zoon Romeo voor de Noord-Afikaanse Julia.’ En sa fierder.

Is dat net… in bytsje stigmatisearjend? Binne alle Friezen soms op bûtenlanners tsjin? My tinkt fan net. Ik sil der mar net hinne, temear om’t my al dat gegriem mei dy ferskate komponisten ek net noasket. Fier dan in komplete opera út!

Seane rjappels mei reade koal en slafink.


Posted

yn

troch

Reakce

Ien reaksje op “Opera Spanga… tsja…”

  1. Thijs Oud Avatar
    Thijs Oud

    Goeie van der Wal,

    Fansels binne Friezen net allegearre op bûtenlanners tsjin, mei dizze konklúzje stigmatisearje jo de foarstelling wol in bytsje. Wy witte allegearre dat it ferhaal fan Romeo & Julia sa dramatysk einiget troch it ûnderlinge ûnbegryp fan de famyljes. Dizze foarstelling heakket der op yn en lit it ferhaal sjen as wie it yn Fryslân 2013. It komplete ferhaal wurdt as in opera útfierd. Foar eltse scene hawwe we de, yn ús eagen, moaiste muzyk keazen. De kar foar fersate komponisten soarget dermei foar tige nijsgjirrige oergongen en wat ekstra’s oan de muzyk.

    Ik hoopje dat jo nijsgjirrich wurden binne om te kommen, dan wol ik nei ofrin graach efkes mei jo prate oer jo befiningen.

    Met freonlike groetnis,

    Thijs Oud

    Dirigint FJHO

    

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.