No, dat is moai, safolle ûntertekeners tsjin dy net al te snoade plannen wat de nije stavering en de nije standert wurdlist oanbelanget. Ik freegje my lykwols ôf, hoe’t dy opstellers mekoar fûn hawwe, en wêrom’t der net oaren by frege binne. Se gedrage har no as wiene it in stel Luthers dy’t in geniaal taalkundich pamflet oan de digitale muorren spikere hawwe. Krekt as hawwe sy de wiisheid yn pacht. Mar se hawwe al gelyk. Dus.
Ja, ik freegje my wol mear ôf. Hoe’t it mooglik is dat in dichter nominearre wurde kin troch in sjuerylid dat tegearre mei dyselde dichter in (soartemint fan) útjouwerij bestjoert. Ja minsken: fragen! Yn Fryslân is soks blykber hiel gewoan. Mar, lit dat dúdlik wêze: ik gun elkenien syn as har nominaasje. De ien wat mear as de oar.
Sil jûn ris wat waarm iten meitsje. Bamy, nei alle gedachten.
Post a Comment