It yntellektueel nivo fan de Fryske skriuwer

Understeande tekst skreau ik justermoarn, mar ik kaam der net mear oan ta him ree te meitsjen foar publikaasje. En hy kloppet  ek net mear, dat wol sizze: E. Hettinga hat der no in plaatsje fan it Dútske orizjineel fan Bernhard bysetten, mar der stie dochs earst in foto fan de Hollânske oersetting by. Dêr bin ik wis fan. Hettinga hat it gau oanpast, spoekbenaud foar Knilles syn ûnmeilydsume pinne, meie wy oannimme.

Dat en dus, no is de fraach: kin Eeltsje wier Dútsk lêze? Of moat er him behelpe mei oersettingen? Kom der mar yn Eeltsje! 

Fansels, dy ‘Luthers’ sitte ek goeien by, ik hie der juster ien op besite! Haha!

Om op in oar stokhynderke werom te kommen: it yntellektueel nivo fan de measte Fryske skriuwers is net al te heech. Dêrom skriuwe se ek yn it Frysk fansels. Nee, nee, grapke hear!

Nim no in oare ‘Luther’, te witten Eeltsje Hettinga. Dy hat Thomas Bernhard oerset yn it Frysk, alteast in hiel koart stikje. No, sille jo sizze, moai dochs! Dy Bernhard, dy koe wat! Hielendal mei jo iens. Lykwols… It docht bliken dat Eeltsje gjin Dútsk lêze kin! De bêste man brûkt in Hollânske oersetting, dêr’t er dan sels in soartemint fan Frysk fan makket…

Sucht… Dat mocht ommers net fan Knilles… Se leare it ek nea…

Jûn waarmje ik noch wat nustjes fan juster op.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
8 years ago

In Fries sûnder fijân is in flie sûnder kat, no.