Objektiviteit, kenne jo dy útdrukking?

‘Wa’t it ek mar wurde mei, myn bewûndering foar ús dichters groeit lêzendewei mei de dei!’ Dat skreau Gysbert sjuerylid Jantsje Post op 21 Maart op de Facebookside fan Abe de Vries. Mei oare wurden: ús Jantsje lêst ‘us dichters’ foar it earst…

Wat kin de reden west hawwe om sa’n, litte wy freonlik bliuwe, ûnbeskreaun blêd yn de sjuery fan de wichtichste literêre priis fan Fryslân te parkearjen? Is it net folle better om minsken fan bûten Fryslân te freegjen, sa’t in âlde, wize Fryske skriuwer (jawis, dy besteane!) my lêst ek al meelde?

Oer freonlik sprutsen: ús Jantsje is ek wol híél aardich foar nominearre dichter Abe de Vries… Hast krekt sa aardich as dat oare sjuerylid… Jantsje fynt hast alles ‘leuk’ wat Abe delkwattelet op FB. En se skriuwt ek earne op Hassesboek dat har heit Abe syn kollums sa prachtich fynt.

Jantsje fynt ‘Sprankeskyn’ ek ‘leuk’.

Soe it net in goed idee wêze dat sjueryleden harsels in bytsje ôfsidich hâlde wat komplimintsjes nei priiskandidaten oanbelanget?

Mar ik werhelje: it boppesteande wol gjin negatyf oardiel wêze oer de list fan nominearren, útsein dejingen dy’t ferstoarn binne en dejingen dy’t de GJP al earder krigen hawwe. Dat hie net moatten.

Jûn eat fan makaroany tink.

 

Comments 5