Jim witte it tink noch wol: hjir soe ik ek by… Utjouwerij Hotsum.
Mar moai dat it net trochgien is! En sterkte Edwin de Groot en Abe de Vries, dy’t al mei dizze útjouwerij yn see gien binne…
In berjocht fan NPE nieuwsblog:
De Contrabas
Naar aanleiding van vreemde berichten over het beleid van Uitgeverij De Contrabas deed de NPE onderzoek. Vijfentwintig Nederlandse en Vlaamse dichters uit het Contrabasfonds werden deze vragen voorgelegd:
1. Heeft u ooit een jaaroverzicht ontvangen?
2. Heeft u ooit royalty’s ontvangen?
3. Is er een contract met u gesloten?
4. Is uw bundel naar de Koninklijke Bibliotheek gestuurd?
Lês hjir fierder
Der binne om ‘e bliksem wol resinsje-eksimplaren opstjoerd. Guon troch my en oaren troch CB fan de Contrabas. Ek hat CB alle Fryske boekhannels belle en sels fier dêrbûten. It risseltaat? Fryske boekhannels wolle der hast net oan en yn de grutte stêden en yn Vlaandere lizze se hjir en dêr al yn de boekwinkel. Plus, de beide bondels binne koartlyn troch my ek opstjoerd nei Den Haach nei it depot foar NL publikaasjes. Oan in eigen webstek foar HotSum wurdt wurke, mar soks kostet tiid en dêr ha ik net te folle fan oer, spitigernôch.
Ha Edwin,
moai dat it by Hotsum better regele is as by de Contrabas sels. Dat, jim hawwe àl kontrakten en sa? Ik sjoch de boekjes oars net yn de Ljouwerter boekwinkels lizzen, mar dat jildt foar mear Fryske boeken… En neffens by wurde de Hotsum boeken net by de online ferkeap fan de Contrabas oanbean…
fr gr cor
Hee Cor, wat leaf fan dy datst wat noed mei Abe en my hast, mar de saken binne fia Hotsum gean en wat my oanbelanget prima regele. De ôfspraken dy’t ik hie mei Hotsum binne goed neikommen. Allinne it ferstjoeren fan resinsje-eksimplaren is net echt, sa komt it my oer, op ‘e gleed kommen. Dat liket net unyk te wêzen, want ik hear dat dat by mear útjouwers wat stûket. Wol spitich want dat is no krekt sa wichtich. Fierders bin ik tige tefreden oer hoe’t it boekje der útsjocht en faaks komt it mei de resinsje-eksimplaren ek noch wol… Read more »