It Anne-Feddema-útropteken

Oars al spitich hear, dat in hiel soad skreaune aktiviteiten nei Facebook ferhuze binne. Facebook is net iepenbier, en as jo ien syn kop net lije meie, dan kinne jo him/har blokkearje, sadat dy syn/har berjochten net mear te lêzen binne en oarsom ek net. Dus.

No sa. Al iepenbier wie de ‘resinsje’ fan Abe de Vries (dêr hast him wer!) oer de nije dichtbondel fan Bartle Laverman. Dit besprek stiet op de side fan de Moanne. Komt der oars ek wer ris in papieren útjefte? It lêste eksimplaar is al in moai skoft lyn op it kokosmatsje fallen.

Wat is no de konneksje mei Facebook? No, dizze bydrage fan Anne Feddema:

‘Hoera!!!…de hear A. de Vries hat wer in útropteken fûn by in Fryske Dichter…moaier is lykwols dat hy it teken net los sjen kin fan MY!!! Ik bin benijd hoefolle fraachtekens hy ûntdekke sil yn myn nije bondel???? begjin mar te tellen heite!!!…it binne der mear as genôch!!! Dit Signum Exclamandi bliuwt lykwols foar himsels alteast…net foar ‘ belêzen feitekenners ‘ in Enigma en dat hâldt er moai sa!!!’

En dat slacht dan wer op dizze passaazje: ´No falt it mei dat ‘eksperimint’ wol in slach ta yn dizze bondel, wol ik leauwe. Ik lês yn boppesteand fers in gearmjoks fan anekdoate, optinksel en foarútsjoch, mei as opfallendste stylelemint it Anne-Feddema-útropteken. Laverman is net in ‘taaldichter’, lit it gedicht net opwaakse út de taal. It idee foarmet de grûnslach fan syn fersen. Dêr is yn prinsipe neat mis mei, mar by Laverman liedt it yn Foar elke man in eigen pake ta in poëzij dy’t net folle ferrassingen bringt. Eksperiminten bin ik alteast net tsjinkaam. Nei ien kear lêzen is men der wol sa’n bytsje mei klear.’

In ynkopperke: ik bin hielendal mei jó klear, Abe. Al in hiel skoft !!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!

Comments 2