Mail oan Bert Looper

Bêste Looper,

noch in koarte reaksje op jo skriuwen fan juster. Ik nim it heech op dat jo de dingen dy’t troch in sjuerylid op FB skreaun binne samar oan de kant skowe.

Jo fine it dus gjin probleem dat in sjuerylid fan de GJP oan de iene kant (nomineare) dichters swier komplimintearret en oan de oare kant dichters útskelt. Yn feite karre jo dit gedrach goed.

Jo soene aksje nimme moatte, mar kieze der foar om it mar gewurde te litten.

Ik ferbrek hjirby alle bannen, foarsafier’t dy der wiene, mei Tresoar.

Cornelis van der Wal

Comments 1