Ik wie fannemiddei efkes yn Grins: grutte sloop dêre fanwege it Nije Forum. Wit net oft ik dat wol moai fyn… Ek efkes by Dichters in de Prinsentuin west, mar dêr rûn Coen Peppelenbos ek om, dat ik waard net hielendal goed.
De poëzijfestival hawwe se nammers ferpest troch freedtejûns gjin foardrachten mear yn te plennen.
Haw Tsead Bruinja syn nije multymediale boek ek yn ‘e hûs. Liend, want ik bin earm. Noch net yn lêzen.
Wurd no opfretten troch de neven. Hie in doaske kocht dat se ferjeie moat, mar der komme neffens my noch folle mear no.
Dus.
Haw patat mei slaad en hamburger iten.
Comments 4