‘Twintig schrijvers verspreid over het hele land die publiceren in hun streektaal vragen om een verhaal en dat verhaal afdrukken met een vertaling ernaast. De literatuur blijft dan niet beperkt tot een bepaalde regio, maar wordt toegankelijk voor iedereen. Dat is het even simpele als krachtige idee dat ten grondslag aan het boek Schrijvers op streek.
Samensteller Jan Sleumer vroeg 20 schrijvers een verhaal in te leveren. De vertaling wordt simultaan aan de oertekst afgedrukt. Daarnaast maakte fotografe Iris Réthy bij elk verhaal een indringend portret van de auteur. Zo ontstaat een boeiend mozaïek in woord en beeld van de literatuur in diverse streektalen.’
Sjoch hjir foar mear ynfo oer dit boek.
Tsja… Soe ik hjir by stean wolle? My tinkt fan net… It Frysk as streektaal typearje… It Frysk is de twadde Rykstaal, en dat witte Jetske en Ate ek hiel goed. Dochs steane se tusken allerhanne dialektskriuwers yn, dêr’t wy net folle literêre kwaliteit fan ferwachtsje meie. Utsein Johan Veenstra fansels. Wêrom josels en jo taal sa nei ûnderen helje? Wat in minderweardichheidskompleks!
Foar de goede oarder: ik mei hiel graach oer dialekten en streektalen. Mar it Frysk heart dêr net by, is myn miening.
Ik waarmje jûn wat makaroany op, in pear moanne lyn makke. Hat beferzen west, hear.
in nopunt probleem is,
Yn alle talen, ynkl. streek- en stedstalen, kin fansels literatuer skreaun wurde. Mar as je ferskillende lytsere talen mei-inoar ferlykje, ûntkomme je der net oan dat it ûngelyk is wat der mei dien is. Sjoch, de literatuer yn it Snekers is no ienkear lytser yn omfang as dy yn it Frysk. (Gjin inkeld wearde-oardiel oer it Snekers wie hjir myn bedoeling.)
“Streektaal” is wat in dizenich sosjolinguïstysk eufemisme, foar it omstreden wurd “dialekt”. Mei “streekromans” hat it hielendal neat te krijen.
En dan bliëft ut wear stil bij de Looijengamantsjes…
Soms wurdt it Snekers brûkt yn de foarm fan streektaal, oare kearen as literêre taal.
Neffens Looijenga hat soks mei it soarte fan hinnen te krijen (sjoch Beart Oosterhaven. It ferskil tusken brune aaien en sniewite jout de smaak en de kwaliteit.
Nou su!! Sú nyt ferkeard weze om ut boek Twataligens der nòch us op na te slaan trouwens…
Astou ut skriefst wel Henk!
Dus ut Snekers is gyn literêre taal? Of begryp ik der nou wear gyn jota fan?
Ik bin it mei dy iens, Cor, dat it Frysk as literêre taal net ta deselde kategory heart as bgl. Westerkertiersk, Sieusk of Midden-Limburchsk. Ik fyn sokke Nederlânske dialekten wakker nijsgjirrich, dêr net fan; mar wat der oan Fryske literêre tradysje bestiet en wat der (sels yn in spitigernôch wat delgeande tiid lykas no) oan nij Frysk literêr wurk ûntstiet, is folle breder en omfiemjender as watst yn hokker “streektaal” ek sjochst. Dat: de Fryske literatuer is net in sljochtweihinne streektaalliteratuer. (Likegoed sil dit boek mei ferhalen grif in goedbedoeld inisjatyf west ha, en, ei ja, alle omtinken foar Fryske… Read more »
In minderweardichheidskompleks is wol typysk Frysk, no.
Ek Fryslân hat syn streekromans hân (en faaks besteane se noch) – ik tink hjir benammen oan de KFFB-boeken. Mar ek in Brolsma siet dêr ticht by, dé reden dat er yn ’41 in priis fan de nazi’s krige. Alles yn de Fryske taal. Se geane hjoed de dei sels mei sok âld spul fan 75 jier nei de Buchmesse – it makket TRESOAR gjin reet mear ut. As it mar ynternasjonaal is – einliks ris in sukseske foar de grutte BEFOARDERER. No sa. Streekromans wurde dus skreaun yn in streektaal dy’t hjir Frysk hyt. Oare streekromans wurde bgl yn… Read more »
Ha Josse!
Fansels, mar de fraach wie: kin/mei it Frysk wol as ‘streektaal’ kwalifisearre wurde? As ‘dialekt’, dus eins.
Want dat dogge de gearstallers fan dat boek, en der geane Jetske Bilker en Ate Grypstra yn mei. Unbegryplik, fyn ik dat.
In streekroman spilet yn in bepaalde streek en besiket fan dy streek de sfear te beskriuwen. As jo fan josels tinke dat je sokke romans skriuwe dan docht de taal der net ta yn myn opynje.
Neffens my kin sa’n boek hielendal net.
Der binne mar twa talen yn nederlân en dat binne beide gjin streektaln.
As je dan in boek útbringe wolle mei 20 streektalen, dan wurdt dat in boek mei allegear lege pagina’s.
In boek mei 20 dialekten kin my mear dwaan