Buchmesse: skriuwers witte fan neat

Wat ik no wer heard haw… It komt út tige betroubere boarne, mar dy boarne jou ik leaver net priis.

Fan 9 oant 13 Oktober wurdt de Frankfurter Buchmesse hâlden. Der sille ek Fryske skriuwers hinne, sa’t jo witte. En jo witte ek dat de kar fan Alpita de Jong net by elkenien yn goede ierde fallen is.

Mar wat is der te rêden? Neffens myn ynformant hawwe de Fryske skriuwers noch hielendal neat heard oer wannear’t se dêr wêze moatte, neat heard oer hokker oersettingen der brûkt wurde sille, neat heard oer wat no krekt fan har ferwachte wurdt…

Is it net in bytsje koart dei, bêste organisaasje? Ik bedoel dus: Tresoar? Hie dat net folle earder wêze moatten, dat gearstallen fan dy list? Ik freegje mar, hear. Yn elts gefal haw ik it idee dat it amateurisme wer foar master opslacht.

Jûn seane rjappels mei prei und Schnitzel

Comments 5