Cornelis van der Wal

Fan dit en fan dat

Niiskrekt in lekker moarnsiten hân foar in Euro yn it Hema-restaurant. Goed, dy omelet is al wat spûnzich, mar it sêdet wol. Fierders krije jo der in croissant (krwassant?) by en kofje. Ik sil it faker dwaan, dat stiet fêst.

Moai dat Klaas van der Hoek dit webloch efkes neamt yn syn Gysbert-besprekken foar de Moanne. Ja, dêr hawwe se de ynternetten ek ûntdutsen. It is oars al frijwat betiizjend dêre op ‘e side… Hjoed stiet der in aardich stikje oer Elske Kampen en de hear E. Hettinga op.

En PVV-er Abe de Vries wol de subsydzje foar it iennige Frysktalige literêre tydskrift ôfskaffe. En dat allinnich om’t er syn machtsposysje wat de blêden oanbelanget kwytrekke is.

Ik leau ek dat de man in stikje skreaun hat oer de situaasje fan de Fryske letteren. Syn oplossing is: meitsje Abe de Baas. De Lieder. Ja, dat klinkt yn it Dútsk noch folle moaier.

Litte wy net ferjitte dat it Abe de Vries wie, dy’t as direkteur de Friese Pers Boekerij sawat oan de râne fan de ôfgrûn brocht hat.

Jûn wer in pantsje Bamy!

Reakce

Ien reaksje op “Fan dit en fan dat”

  1. Grutte Pier Avatar

    Jo moatte it aapke net grutter meitsje dan hy wie. Hij is nea ‘direkteur’ fan de Friese Pers Boekerij west. Dat soe er wol wolle, no.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.