Kultureel bakje

No sjoch ris oan, Ljouwert wurdt Kulturele Haadstêd. Dat hat fansels alles te krijen mei it feit dat Knilles wer yn syn bertestêd wennet. Nee, grapke fansels, mar ien as -dêr hast him wer- Abe de Vries mient al dat er heechstpersoanlik ferantwurdlik is foar dizze útferkiezing.

It wiene krekt figueren as Abe en loftfytser Henk Keizer dy’t der foar soargen dat ik in wjersin tsjin KH2018 krige. En fansels dy soap om de fraach oft Fryslân in stêd wie of in provinsje.

Hoe giet it mei Henk Keizer eins? Kriget er noch sintsjes fan de Provinsje? Is er noch skoaltsjesiik?

Mar no: de skouders derûnder en meitsje der in grut feest fan! En, dêryn hat Abe al gelyk: ferjit de Fryske taal net!

Ik helje jûn wer ien of oar bakje út it friesfek.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
8 years ago

It kontrakt mei Henk Keizer wie op syn ein neidat Fryslân nomineare wie as ien fan de kandidaten. Hy wie in ramp. In miscasting fan Joop Mulder dy him foardroege hie. Henk Keizer hie earder de teatergroep Dogtroep nei de Filisteinen helpe. Dit wie Fryslân op syn smalst, no.