Mail nei oanlieding fan in útnoeging fan Tresoar

L.S.

Tige tank foar de útnoeging om de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2013 by te wenjen.

Lykwols: ik kom net.

Yn it foarste plak omdat ien fan de sjueryleden it nedich fûn om my út te skellen op Facebook. Jantsje Post mei har ‘Van der Kwal’.

Ik mien fierders dat de sjuery net kompetint is en beoardielje moderne poëzij.

In folgjend beswier is de oanwêzigens fan de hear Apotheker, boargemaster fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Apotheker hat my sawat in jier lyn nei de Sosjale Wurkpleats stjoerd, omdat ik in bystânsútkearing oanfrege hie. Dêr moasten ik en myn lotgenoaten ûnder oaren smoarge (stront) waskhantsjes sortearje.

Mei heechachting: Cornelis van der Wal

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

3 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
A
A
7 years ago

Spitich datst net allinnich net neitinke mar ek net lêze kinst. Moatst de oanbelangjende tekstkes op Facebook noch mar efkes better besjen. Ik ha net graach dat myn fynsten in oar yn de skuon skood wurde, sjoch.