Ofgryslik saaie petearen

Geweldich! De Gysbert 2013 is foar Jacobus Smink! De sjuery koe net om myn poll hinne, sa docht bliken.

362226213

Jacobus lêst foar. Foto: Dinie Postma

Dizze bekendmakking wie juster eins it iennige hichtepunt fan it jierlikse Boekefeest yn Tresoar. Ofgryslik saai wiene de petearen dy’t laat waarden troch Karen Bies. Bies wie bepaald net yn topfoarm. In ferneamde eks-radiofrou sei letter: ‘ik hie dy mannen al wat hurder oanpakt!’ En dy mannen wiene Atte Jongstra en Pieter Verhoeff.

Op de side fan de Moanne fan it Fryske Boek stiet:

‘presintaasje fan Djipte! De skiednis fan in doarp, Kadoboek 2013, skreaun troch Atte Jongstra

De boekpresintaasjes fine plak yn in ‘simmergastesfear’ ûnder lieding fan Karen Bies. Atte Jongstra yntrodusearret syn ‘simmergasten’, Janny Regnerus en Pieter Verhoeff en presintearret inkele favorite youtubefilmkes. Peter Zegveld fersoarget in muzikaal-literêr optreden.’

Mar wat Verhoeff en Regnerus dêr eins diene waard net dúdlik. Se waarden ek net yntrodusearre.

Ik bin der op it lêst by wei rûn.

Oare kear mar wat betters betinke Tresoar!

 

Comments 3