Provinsje Fryslân op syn deunst

No krige ik ferline wike alwer in útnoeging om de útrikking fan de Gysbert by te wenjen. Se rêde it blykber net sûnder Knilles…

Ik kom lykwols net nei de útrikking. De redenen meie wol dúdlik wêze: ik kom net yn in gebou dêr’t de slavedriuwer Hayo Apotheker in taspraak hâldt. En ik kom net by in útrikking fan in literêre priis dêr’t ien fan de sjueryleden my útskolden hat. En nee, ik haw hielendal de yllúzje net dat myn boycott wat úthellet.

Doc - 7 okt. 2013 14-27

Ik bin nammers al oanwêzich by de resepsje yn de Griene Greide (sjoch ûnderoan de foto). Wat my lykwols opfoel is dat de Provinsje it tradisjonele miel yn it restaurant skrast hat. Sûnder opjefte fan reden. Ja, de priis foar in Gysbert is omheech gien, dat jo moatte dat jild no earne oars werom sjen te heljen, no?

In blamaazje foar Jannewytske en in snútslach foar de priiswinner. Provinsje Fryslân op syn deunst. Soe de drank yn dy oardel oere noch wol fergees wêze? Sa ja, dan sûp ik foar straf alles op.

Jûn mar ris bamy meitsje tink.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *