No minsken, goed nijs: Apteker hat ôfsein foar de Gysbert útrikking fan moarn, dat jo eigen Knilles komt gewoan nei de útrikking. En nee, mei de sjueryleden sil ik gjin wurd wikselje.
Wat minder goed nijs is: by de neisit yn de Griene Greide wurdt allinnich mar kofje skonken en krije jo in gebakje. Dat hat in korrespondint my niiskrekt meidield. De Blauwe Knoop is wer hielendal werom, en hearsket. Mar it binne fansels gewoan besunigingen. Dy’t ten koste geane fan de grutste Fryske literêre Priis.
Provinsje! Wat in suterich, sneu en deun gedoch! Jim moatte jim skamje, oars kin’k der net fan sizze.
Ik wurd der mislik fan, dat wit net oft ik jûn wol ite kin.
Skriuwers moatte sûpe. Spuie kin altyd noch, no.
FAAKS moasto mar even spuie en slaan.. 😉