Cornelis van der Wal

Sjuery Gysbert: net-literêre arguminten

Alderearst in rektifikaasje: der wie wol drank by de Griene Weide, myn korrespondint hie it by it ferkearde ein, dat ik haw him per direkt dien jûn.

It wie in moai barren yn Boalsert juster, ik haw noch bamy iten nei ôfrin, tegearre mei in grutte groep feestgongers.

Mar steane jo my ta dat ik dochs wat kritysk bin oer it sjueryrapport. Ik fyn it frijwat sneu foar sawol priiswinner Smink as krekt-net-priiswinner Elske Kampen. Jacobus hat dus úteinlings de priis krigen op grûn fan foar in part net-literêre arguminten: ‘ek syn desinnialange oanwêzichheid yn it Fryske literêre fjild en syn krewearjen as kritikus, oantruner en stille kracht op de achtergrûn ha de trochslach jûn, it lêste lytse tikje.’

Dizze argumintaasje doocht fansels fan gjin kant, it heart oer it boek, de bondel te gean. En nearne oars oer.

Ik leau net dat ik earder sa’n amateuristysk sjueryrapport lêzen haw.

 

Reakce

3 antwurden op “Sjuery Gysbert: net-literêre arguminten”

  1. Knilles Avatar
    Knilles

    Jawis Josse, hie it dêr by bleaun, by de sitaten
    dy’tsto neamst, dan hie ik der frede mei hân. Ik bin it ek iens mei de kar fan de sjuery. Mar dy net-literêre arguminten dy’ t ik sitearre meitsje it rapport ûnsuver, en dat is tige spitich. Benammen foar de belutsenen sels.

  2. josse de haan Avatar
    josse de haan

    Sorry Cornelis, as de sjuery seit dat Jacobus in sântal bondels skreaun hat mei in nijsgjirrige kwaliteit, dan jout dy sjuery implisyt oan dat dit literêr de trochslach joech. It hie yn myn teory ek in oeuvrepriis wêze kinnen, mar sa wol dizze sjuery dat net neame.Ik fyn it in goed en earlik rapport.
    Myn kandidaat yn myn artikel oer de nominaasjes (ensfh) wie Elske Kampen, mar Jacobus stie by my ek heel heech.

  3. Grutte Pier Avatar

    Mar sa giet it altiid. Tink oan it aapke, no.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.