Frou Schotanus op ‘e fingers tikke troch Skriuwersboun

Ik spruts sneon yn Boalsert, by de bamy, ek noch efkes mei de nije foarsitter fan it Skriuwersboun, Hein Jaap Hilarides. Hein Jaap bea min ofte mear syn ekskuses oan foar it skandalige gedrach fan Elske Schotanus, op dy romrofte gearkomste. Neffens Hilarides hie de foarsitter, doe noch Koos Tiemersma, yngripe moatten.

Dat is binnen it Boun ek besprutsen, en frou Schotanus is behoarlik op ‘e fingers tikke. Dat sa’n ien noch te hanthavenjen is yn in offisjele funksje by it Boun kin ik lykwols net by, mar se sille wol net ien oars hawwe dy’t wit wat it ynternet no eins is. Dêrom beheart Schotanus de suterige side fan it Boun. Noch hieltyd.

Elske-Schotanus (1)

Elske Schotanus

Hilarides hie noch yn bestân stien, sa sei er, om my in ekskúsmaltsje te stjoeren. Dat hie yndied op syn plak west.

Waarmje jûn bakje mei couscous (koeskoes) op. Lekkel. Sels makke hear! Mei hin en courgette ensfh.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
7 years ago

Dyn paed is plaveid mei ekskúses, no.