Cornelis van der Wal

Is Abe de Vries wol kwalifisearre as oersetter?

Ha! Abe de Vries sil in pulpboek fan Dan Brown yn it Frysk oersette. Ik haw der sa’n tweintich siden yn lezen, yn Inferno, de (digitale) orizjinele ferzje, mar haw it doe mar dellein. De man kin net skriuwe, hat gjin besef fan styl. En ik haw wol wat betters te dwaan.

De grutte fraach is: wêrom docht De Vries dit eins? En is er wol kwalifisearre as oersetter? Wat dat lêste oanbelanget: my tinkt fan net. De man hat gjin Ingelsk studearre bygelyks…

En: hat sa’n oersetting eins wol doel? Is it goed foar it Frysk? Dan Brown-fans hawwe it boek fansels al lang lêzen.

Tiidfergriemereraasje, tinkt my.

Wêrom set Abe net in klassyk masterwurk oer, ynstee fan dizze rotsoai?

Mar dat is fansels te heech grepen foar dizze sjoernalist.

Mar wat Sjinees iten meitsje aanst.


Posted

yn

troch

Reakce

Ien reaksje op “Is Abe de Vries wol kwalifisearre as oersetter?”

  1. Grutte Pier Avatar

    It is sa dúdklik as wat. It wie in kadootsje van de organisaasje fan Ljouwert 2018, omdat it aapke op wat in sneue wize út it bidbookgroepke kúkele wie. De bal rond spiele. no.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.