Abe fertaalt Brown fia it Hollânsk

Ja, jonges en famkes, it muoit my tige, mar ik moat it nochris oer Abe de Vries syn oersetting fan Dan Brown syn literêr masterwurk hawwe. Yn myn blochke fan juster haw ik in oantal reaksjes fan Facebook kopiearre. Reaksjes op de tige minne en leffe beskuldigingen fan Abe oan de minsken fan de nije Sutelaksje, dat it jildwolven, ynklauwers wêze soene. Yn de tuskentiid is dy hiele diskusje fuorthelle, mar Knilles hat it bewarre. Moai foar de literêre skiednis, no?

Wat út oare publikaasjes op Facebook bliken docht, is dat De Vries it oanbelangjende boek net út it Ingelsk nei it Frysk oerset, mar de Hollânske oersetting brûkt.

Klearebare earmoed en ûnfermogen kenmerkje dizze oersetter alsa. Ik fyn it ek in mislediging foar it Frysk en de Frysktalige lêzer. In boek hearre jo út de oarspronklike taal te ferfryskjen, net fia oare oersettingen.

Wa hat it yn ‘e plasse krigen en gun dizze amateur sa’n opdracht? Der moat mear efter stekke, dat kin net oars.

Haw lekker iten makke!

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
7 years ago

De ûnderste stien moat boppe, no.