Yke Schotanus slacht nearne op

Ha goeie, dêr bin ik wer. Dus.

Fannemiddei wie ik efkes yn ‘e bibletheek, haw wer in abo nommen. Ja, boeken, ik mei der wol oer. En doe’t ik sa wat links en rjochts eksimplaren út de kast luts foel myn each op it boek Dichten doe je zo fan in sekere Yke Schotanus. Nee, sa’n jonge as ik hat soksoarte ynstruksjeboekjes net nedich fansels, mar jo witte nea wat jo noch leare kinne.

Ik haw it net liend. Lês mar ris wat der op side 72 stiet , de tredde alinea:

photo

Bin ik no gek? Ja, ik bin Frysk dichter, en no ek noch Roomsk, dat der sil grif wat net hielendal richtich wêze yn de trûblearre boppekeamer, mar de sin Jan slaat Piet en de dêrop folgjende fraach: wie slaat nou wie? – Dêr wurd ik net hielendal goed fan. It is ommers Jan dy’t oan it slaan is! Hoe is sa’n sin oars te lêzen? Kommentaar is wolkom!

It kin fansels ek wêze dat Yke Schotanus famylje is fan Elske Schotanus, dan begryp ik it.

Haw bakje iten fan de AH opiten. Ofpriisd fansels.

 

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

2 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
8 years ago

Sursum corda = de harten omhoog
Cor do = ik geef mijn hart, d.w.z: ik geloof

Cor is as namme poer bêst, no

josse
josse
8 years ago

Ek in moaie:
IK SEI COR