No, goede berjochten fen it muzykfront: wy spylje it ôflaske konsert dochs noch, begjin jannewaris, by Asteriks. Hâld dit blochke yn ‘e gaten, ik sil it wer alle dagen byhâlde.
Hawwe jo it petear mei de grutte skriuwer en bestjoerder Koos Tiemersma al lêzen? De man sit noch altyd op syn stokhynderke, dat subsydzjes foar de Fryske literatuer better ôfskaft wurde kinne. En wêrom? Om’t de man sels gjin subsydzje nedich hat. Om’t de man sels in goede baan hat, as skoalmaster. Earme minsken meie fan Koos gjin boek útbringe. As jo it net betelje kinne, dan mankeart der wat oan jo. In klearebare VVD-er, dy Tiemersma.
En dy moatte it lân út.
Patat bakt mei fiskje derby en raukost
Comments 2