Hassesboek en Tsjetter: fut

No, ik haw in mail fan de skriuwer fan de Stifting FLMD krigen nei oanlieding fan de nammekwestje. Sjoch bloch fan juster.

De mail komt der op del dat de Douwe Tammingapriis in inisjatyf is en betelle wurdt út it Tamminga-Piebengafûns en dat dêrom de namme net oars wêze koe as dat er wurden is. En dat it moai is dat myn fiktive priis no werkelik bestean sil. No sa. Lit fierders mar dan. En it is 3000 Eury.

Fierders diel ik hjir mei dat ik (foarearst) ophâld mei Facebook en Twitter. Sjen oft ik it folhâlde kin. It kostet in soad tiid, en smyt net folle op! Fansels sil ik bepaalde persoanen bot misse dêre, mar dêr kin ek wol op in oare wize kontakt mei hâlden wurde…

Jûn waarm iten.

 

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *