Samle snorremantsjes

Ik kin it net weromfine, mar sa’n tsien jier lyn (skatting, kin langer lyn wêze) stie der ris in wiidweidich artikel oer de filosoof Nietzsche yn de Moanne. Mar ús snorremantsje syn namme waard hieltyd as ‘Nietsche’ skreaun. It hiele artikel troch. Dan kin ik it al net mear goed lêze, dan nim ik it al net mear serieus…

It falt my ek goed fan Jan Wybenga ôf, dat er deselde flater makket… Of hawwe de gearstallers fan syn monumintale Samle Wurk hjir skuld oan?

Yn elts gefal, dizze side mar efkes oerslaan, en skodholje…

Doc - 08 Dec 2013 02-09 (1)

Comments 1