Cornelis van der Wal

Ek Boek fan de Moanne op in digitaal eilân

No, de ûntwerpers fan de side fan It Boek fan de Moanne hawwe blykber goed nei sirkwy.nl sjoen, want ek hjir stiet men folslein op in digitaal eilân. Ja, wat links nei boekhannels, mar dêr bliuwt it by. Gjin feed, gjin twitter, gjin Facebook, gjin nijsbrief…

Wat mankearret soksoarte lju eins? Efkes in side op it net smite, en dan is it klear? Folslein efterhelle om de nije media net te brûken. Dêr hawwe se tink ek noch hielendal nea fan heard. Tink wer in bejaarde dy’t op in neimiddei efkes in webside yninoar flânze hat.

Ik begryp soks net.

Haw patat iten.

 


Posted

yn

troch

Reakce

Ien reaksje op “Ek Boek fan de Moanne op in digitaal eilân”

  1. Grutte Pier Avatar

    Dizze website is kwa foarmjouwing ek net sa up to date. De website fan Ensafh ek net. Dy is net iens goed te lêzen op in I-phone. Dus sjoch earst mar ‘s nei de balk yn jim eigen eagen, no.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.