Ik haw der efkes oer neitocht, want ik koe de tekst net hielendal neikomme. Josse de Haan snapte der ek neat fan. It giet om dit stikje út de Ljouwerter, Eppie Dam oer de neffens him bêste Fryske poëzijbondels fan 2013.
Ravensulver stiet dus boppe-oan. Dat is moai foar Abe. Ik haw it boekje net lêzen. Ek gjin nocht oan. Abe is it poëzijpaad alhiel bjuster yn myn eagen en dat is spitich, want de man hat sûnder mis talint. De djipte, de wiere needsaak foar it skriuwen fan gedichten ûnbrekt op dit stuit by De Vries, sa is myn miening. It giet allegear fierstente flot en maklik. It is poëzij fan in sjoernalist. In pathetyske sjoernalist.
Ik haw fansels al in stikmannich gedichten út Ravensulver ûnder eagen krige. Fandêr de foargeande opmerkings.
Mar as ik soks skriuw, dan bin ik neffens Eppie oan it ferloederjen, as ik it goed begryp. Elkenien dy’t net sjen wol dat Abe in grut Sjeny is, docht dat om’t Abe syn Ljocht te fûl is. In gewoan minsk is Neat yn it Skaad van Abe.
Amen.
Comments 3