Bornmeer, de útjouwerij dy’t yn it ferline ûnder oaren myn eigen poëzij útjûn hat, sjocht hjoeddedei net folle brea yn it publisearjen fan dichtwurk. Allinnich Tsjêbbe Hettinga silger syn wurk wurdt noch útjûn, wat poëzij oanbelanget.
En dan hieltyd wer deselde fersen. Yn hieltyd oare folchoarder en gearstalling. No kriget keapman Steven Sterk (baas fan Bornmeer) wer Eurotekens yn ‘e eagen nei oanlieding fan de theaterproduksje It Faderpaard. Dêr wol er graach in graantsje fan meipikke. Mar, sa freegje ik my ôf, binne dy bondels dêr’t dy fersen fan Hettinga ynsteane, en dy’t no byinoar pleatst binne, binne dy bondels dan soms allegear útferkocht? Ik leau der neat fan.
Ik fyn it in beskamsume fertoaning. It is it útmelken fan in oeuvre, fan in dichter.
En nee, ik sil net nei dy foarstelling ta, de nammen Gerrit Breteler en Sytse Pruiksma binne wat my oanbelanget reden om dêr mei in grutte bôge om hinne te fytsen.
Waarmje bakje iten op aanst.
Dy Jos Thie wit altyd wer de kont fan’t faderpaard te fine. Stekke it mar yn myn reet, no.