Heu, ik bin der noch minsken! Tige drok dwaande west mei it produsearjen fan de film en it lûd fan Nordic Walkmen, hjir te sjen fia de side fan ensafh.nl. Dat wie in heikerwei.
Der binne noch altyd lju dy’t de namme fan ús literêre tydskrift ferkeard útsprekke. It is dus net ensafuorthinne, bliksem! Mar gewoan ensaf. Yn feite krekt sa’t jo it skriuwe. Lear dat no ris.
En dan wie der fansels ek wer de ensafh poëzijmarathon. Mei likernôch 45 dielnimmers ien fan de grutste eveneminten yn de poëzijwike, It wie wer moai efkes yn Snits werom te kommen. Ik blief un Sneker! Of is ut no Sneeker. Wêrom kin ik dat net ûnthâlde? Wa fertelt it my efkes?
En jawis, Knilles die ek wer mei:
Foto fan myn muze: Dinie Postma
Mea Culpa Cor. Ik fyn ut ok un hopeloaze naam: bekt nyt! Mar ut was un moaie avend!!
Ik hew ut innet snotsje Henk! En astou foartaan *ensafh* goëd uutspreekst, dan sal ik Sneeker/Sneker goëd skrieve!
Ut Sneeker Nieuwsblad, de Sneekermeer. Binne dus eigen en aardrijkskundege namen. En Cornelis het un skoft Sneker weest! Nou su! Nyt su moeilek tòch?! Was un moaie avend gister. Fòlgende kear bliëf ik wear tòt ut end. Sat met twee foeten in 1 bokse!