By de kringloop: The Larousse Encyclopedia of Music. Hat nij tink wol in bytsje mear opbringe moatten as de €1,20 dy’t ik der fannemiddei foar betelle. Efkes opsocht: by bol.com € 54,99…
Der leine ek op syn minst 5 eksimplaren fan Mind Games, it boekewikegeskink út 2007 fan Koos Tiemersma. Haw ik fansels net kocht. Ik haw noch nea in boek fan dy man lêzen, en dat komt der ek net fan. Of Koos moat in roman mei my as haadpersoan skriuwe. Dat feroaret de saak.
”Tiemersma’s toon heeft toch al vaak iets opgeblazens; alsof iedereen in het boek opgewonden kwaakt en ronkt, in plaats van praat.’, sa skreau Boeklog… Tsja…
Jawis, ik bring ek geregeld in besite oan de Emmaus! Moai dat Kening Kees dêr ek leit, foar Jan mei de Pet en de smelle beurs.
yn ‘e dolle rûs fine jo fan alles, no
De boekenramsj fan De Emmausgangers is ek op it industryterrein. Dêr fine jo fan alles, sels Kening Kees, no.