Skieppeschnitzel

Rûn fannemiddei oer it Fliet. Neist in Growshop fine jo dêr in stien ta neitins oan Piter Jelles Troelstra. Ik tink wolris, soe it de man net oangrize wat de PVDA tsjintwurdich útheeft? No ja, mar net oer polityk begjinne, liket my better.

foto (23)

En no wolle jim fansels ek graach witte wêr’t Knilles berne is. Ja, jou it mar ta. No, dat wie 28-01-1956 om likernôch 13:36 yn de kreamklinyk te Ljouwert. Oan it Skieppedykje.

(foto fan de Beeldbank)

Achter dat boskje, dêr sit ik.

Bakte rjappels mei Schnitzel en slaad

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *