Brolsma de doar út

De ôfrûne dagen drok dwaande west (en it is noch lang net klear) mei it útsykjen fan guod en benammen boeken dy’t meiferhúzje sille. Yndied, ik kom earne oars te wenjen, te witten by myn muze… Yn hertsje Ljouwert…

1901795_849892151703145_15054515_n

Wat de boeken oanbelanget: ik haw regaad makke mei boeken dy’t ik dochs nea lêze sil en boeken dy’t my net noaskje. No sil ik wol wer op in oantal sielen traapje, mar skriuwers as Meindert Bylsma, Jelle de Jong en noch in oantal oare hampelmannen wurde nei de Estafette trochferwiisd. Ik fyn der út noch yn gjin sprút oan. En Brolsma giet ek de doar út.

Dus.

Makaroany mei kerrysaus en slaad iten.

 

Comments 1