Ik sil dwaande mei de tsjokke biografy fan Willem Bilderdijk: De gefnuikte arend. It moat in hiel apart mantsje west hawwe, ús Willem. En net al te aardich, tinkt my. Mar dat jout neat, as it boek mar moai is.
Yn in fier ferline hie Anne Feddema it gauris oer Bilderdijk. My stiet noch in gedicht fan Feddema, in soarte fan Bilderdijk-neifolging, op it netflues:
O goddelijke glans op de saus van pudding
…
Hoe’t it fierder giet wit ik net mear.
Anne! kom der mar yn!
Haw tomatesop mei hin en stokbôle iten
Comments 2