Poëzij? Watsda?

Jawis, ik wie der, by de Alde Meuk. In rotnamme, dat wol, mar fierders haw ik my wol fermakke. De wyn nei ôfrin wie net sa min, en de lêzingen koene der skoan mei troch.

Eigenaardich dat it taalburo Bersa Tekstwurk, it buro dat jin deasmyt mei reklame yn de meelboks, dat dit Taalburo fan de grutte *kuch* literatuerkenner Symen Schoustra, mei in berjocht kaam oer it Moaiste Fryske Boek. De bêste man bedoelde tink de Moaiste Fryske Roman. Dat der ek soks as poëzij bestiet is de bêste man tink ûntgien.

By Tresoar sille se, sa hearde ik dêr fan de grutte Baas fan alle Fryske Skriuwers, in soarte fan digitaal portaal opsette yn neifolging fan in Hollânsk foarbyld. Ek dêr wer allinnich romans. Poëzij hat Tresoar gjin each foar. Dêr hie’k it al earder oer. En it giet mar troch.

Jûn lekker iten.

Comments 2