Sfear te snijen by redaksje NDC

Dit komt út tige betroubere boarne, mar ik kin gjin nammen neame, dat begripe jo grif.

De sfear op de redaksje fan de NDC Mediagroep is neffens dizze boarne striemin.

Grinzers en Drinten nimme de baantsjes oer fan de Friezen en stelle har tige heechhertich en arrogant op tsjin de oarspronklike redaksjeleden fan de Ljouwerter krante.

Dy domme Friezen, skine se te tinken. As dit sa trochgiet dan komt it op de kop ferkeard, sa fersekere dizze ynformant.

Ik haw ek murken dat der gjin besprekken fan Fryske boeken yn de Freedsbylage mear steane. Is dat tafal en komt it noch, of is it belied?

Jûn waarm iten

Comments 1