No, sjoch ris oan, Pieter de Groot hat ek stevige krityk op de nije side fan Tresoar. Dêr haw ik ik ek al it nedige oer skreaun. Sitaat út de LC:
‘Gjin kwea wurd oer de nije útris fan de Tresoar-
webside, mar de tagonklikens kin better. Yn de
âlde ferzje koene jo op de thússide yn de lofter-
kolom de skriuwers oanklikke, en dan waarden jo trochfer-
wiisd nei de side Sirkwy.nl. Dy omwei like tydlik. Op de nije webside soe dy daliks te finen wêze, wie de hjitting. Dat is oars beteard. Om der te kommen, moatte jo earst ‘Links’ oanklikke, en dan is de fraach: stiet er ûnder ‘Tresoar-kolleksjes’, ‘Biblioteken’, ‘Argiven’ of faaks ‘Frysk en Fryslân’?’
Mar mien mar net dat de mantsjes dy’t de side makke hawwe har dêr wat fan oanlûke sille. Itselde jildt foar de Sirkwy-side. Dy hie mei in pear oanpassingen grif ferbettere wurde kinnen, mar ien kear klear, dan wurdt der net mear nei omsjoen.
It jild is binnen: doei!
Post a Comment