Jim witte it faaks noch wol: ik haw myn abo op de Ljouwerter Krante opsein. Op 1 July is it oer. De reden is it ferlies fan it Fryske karakter fan de krante. Neffens my wurde der gjin Frysktalige boeken mear besprutsen, alteast net yn de Freedsbylage.
En ôfrûne sneon hiene wy wer in foarbyld fan de Grinzer ynfloed: in grut artikel oer ûndernimmers yn de Martiniplaza. De Grinzers wolle mei alle geweld it begryp ‘Het Noorden’ by de Fryske krantlêzers der ynstampe. En dat Fryslân dêr dus byheart. Opmaat foar in grutte provinsje ‘Het Noorden’, mei fansels Grins as haadstêd.
Ik wol mei sokke propaganda neat te krijen hawwe.
Juster pasta iten.
Comments 2