Tiemersma syn apeboekje

No sjoch ris oan. Wer ris wat oandacht foar myn novelle Kening Kees. Jelle van der Meulen neamt it boek yn in besprek fan de eardere Kim Yûng Ûn fan de de Fryske Literatuer, Koos Tiemersma. De man dy Kafka net yn it Dútsk lêst en noch nea fan Jan Arends heard hie. Ja minsken: sok folk hat it hjir foar it sizzen. Miene se.

Tiemersma syn apeboekje is, koart sein, sloppe hap yn fergeliking mei Kening Kees. De novelle dy’t boycott wurdt troch Tresoar en konsorten. Om’t it tsjin de autoriteiten yngiet. En dat kinne wy net hawwe fansels, it moat al wat netsjes bliuwe, no.

Wy hawwe bakte rjappels, slaad en speklapkes iten.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
7 years ago

Jo hawwe wat mei aapkes, no.