Identitêre Rommert

No, sjoch ris oan: dochs in Frysktalich boek besprutsen yn de Ljouwerter krante. Rommert Tjeerdsma syn ‘Ferliezers’ kriget 3 fan de 5 stjerren fan besprekker Doeke Sijens.

In sitaat út it besprek: ‘De bedoeling fan de skriuwer sil west ha om it mei dit boek no ris foar de ‘ferliezers’út de oarloch op te nimmen. Joaden, ûnderdûkers of de illegaliteit krije yn Ferliezers gjin oandacht.

En: ‘De skriuwer hat yn syn eardere wurk ek al omtinken jûn oan minsken dy’t ‘fout’ wienen yn ’e oarloch. Ek dit kear skriuwt er mei evenredigens oer NSB’ers of neutrale Friezen.’

rommert01

Tjeerdsma jout op syn Facebook-side (sjoch hjir boppe) oan dat er affiniteit hat mei ekstreem rjochtse bewegingen. Dat is syn goed rjocht fansels. Lykwols, komt sa’n boek as Ferliezers no net yn in oar deiljocht te stean? En hat de KFFB, Tjeerdsma syn útjouwer, wol weet fan Rommert syn politike foarkar?

Hjir in link nei wat dat Identitair Verzet sawat ynhâldt… Hjir noch in link. Oars sels mar efkes gûchelje.

Lekker ite(n)

Comments 1