Tromp mei fakaansje

Moaie resinsje, jawis, alwer in Frysk boek besprutsen yn de Ljouwerter. Dat komt faaks om’t de kollum fan Pieter de Groot der net ynstiet om’t er mei fakaansje is. Ja fakaansje, sa stiet it it ôfprinte. Sa stie it der ferline wike ek al yn. Wie tink noch net ien opfallen.

Wêr haw ik it oer. Ah! Oer it besprek fan wat Hylke Tromp syn Magnum Opus wêze moatten hie: Noah. It boek wurdt frijwat ôfkreake troch Doeke Sijens en de skriuwer frijwat bespotlik makke. Mar dat komt fansels om’t Tromp ek in frijwat bespotlik persoan is.

Jierrenlang hat er kursus jûn oan begjnnende skriuwers, en no docht bliken dat er sels net skriuwe kin. In hiele generaasje nije skriuwers is alsa ferpest troch ien aaklik en pedant keardeltsje.

Sijens beslút syn resinsje sa: ‘Wylst de skriuwer de dramatyske mooglik-
heden fan it stik fan Van den Vondel (oer it tige aktuele tema fan klimaatferoaringen)
tige betûft ynset, stûket syn oanpak by de haadpersoan. Wat de man meimakke hat is
net mislik mar hy komt net fierder as selsbeklach. Alle skuld leit by in oar. In Noah, dy’t moedich tsjin de mannichte yngiet, is er net. De lêzer kin it de wrâldske ferdommelingen dan ek tige meistimme at dy him taroppe: ‘Hoe no, âld baas? Is it gestin no noch net oer?’

Wy haww in rjappelskoattel iten. Wit net rjocht oft dat wol geef Frysk is, mar it smakke bêst.

Comments 4