D’Annunzio mei tsiis

It is net sa goed foar de produksje fan in nokturnale dichter, it WK yn Brazilië… En dan ek noch hieltyd dy ferlingingen… Aldergeloks no twa rêstdagen, dat ik gean der fannacht wer tsjinoan.

Ek in hiel aardich boek kocht foar myn Kindle: de biografy fan Gabriele D’Annunzio. Net dat it my in freonlik persoan talike, ik soe him it hûs úttraapje. Mar dat haw ik ek by it meastepart fan de Fryske skriuwers. Ja, jo foaral dêre, mei dat briltsje, en jo mei dat nuvere hier, en jo mei altyd dat petsje op.

Futweze!

Wy sille aanst pasta mei saus en tsiis ite.

Comments 1

  1. WordPress › Flater

    Der is in krityske flater west op dizze webside.

    Learje mear oer it oplossen fan problemen mei WordPress.