Cornelis van der Wal

Hetty Graffiti

Okkerlêsten lies ik op de treflike side fan ensafh, it iennichste Frysk-literêre tydskrift dat der noch oerbleaun is, in nijsgjirrich skriuwen, ôfkomstich fan in sekere Hetty Kloosterman Combs. It hat te krijen mei de Jan Ritskespoëzijnacht.

In pear sitaten: ‘Vanaf de jaren ’90 van de vorige eeuw is er een opmars van een nieuwe generatie dichters die de dichtkunst volkomen hebben gemoderniseerd. “Het imago van stoffige, moeilijke boekjes en dito schrijvers verdween en daarvoor in de plaats staan er jonge honden te performen. Poëzie als een soort verbale graffiti, maar ook verstillende juweeltjes met een hoog kippenvelgehalte”.

En: “Alle dichters hebben hun oorsprong in de regio of hebben hier wortel geschoten. De Friese taal speelt daarbij een belangrijke rol; sinds dit als vak verplicht is geworden binnen het onderwijs is er een nieuw bewustzijn ontstaan. De eigen identiteit is daarmee versterkt en men is daar terecht trots op. Taal en identiteit gaan hand in hand; je laat letterlijk horen wie je bent. Dichters gaan daarbij tot op het bot; taal is zo’n krachtig werktuig. De expressie is bevrijdend.”

Myn fraach is: is dat allegear wol wier? Benammen it lêste sitaat, oer ‘een nieuw bewustzijn’ troch it ferplicht stellen fan it Frysk, liket my folsleine ûnsin. Wêr basearret frou Kloosterman har op? Ik wol sifers sjen.

En wat dy poadiumdichters oanbelanget… It is foar it grutste part gerop en geraas, in trúkje om it publyk te fermeitsjen. It giet lykwols it iene ear yn, it oare ear út. Op in pear útsûnderingen nei is dizze poëzij sa plat as in dûbeltsje. Op papier bliuwt der neat fan oer. En dat ‘verbale graffiti’ liket my ek gjin pluspunt. Ik haatsje graffiti. ‘Keunst’ makke troch ‘artysten’ mei in IQ fan ûnder nul.

Dat sei de stoffige Ljouwerter dichter Cornelis van der Wal. Ik bin der wer.

Jûn mar wat nustjes út de friezer opwaarmje/opbakke.


Posted

yn

troch

Reakce

4 antwurden op “Hetty Graffiti”

  1. Grutte Pier Avatar

    Yn’e tiid fan ‘Dream yn blauwe reinjas’ haw ik jim wol oars hearre lulle. The sky wie the limit, no.

  2. Knilles Avatar
    Knilles

    Ha Arjan, meist him sa meinimme!

  3. Arjan Hut Avatar
    Arjan Hut

    Tsjin jim oer hinget oars in keunstwurkje fan Cambuur-hooligan en (somtiden) hyperrealist LJ van Tuinen. Hat prachtige wurken makke. Fierder, oer poadiumpoezij, bin ik it tige mei dy iens. Mear poadium as poezij.

  4. Dinie Avatar
    Dinie

    Se bedoelt it goed, tink ik… Mar it is wol geneuzel.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.